Frysk


IMG_8995Dweilorkest De Glasblazers
is oprjochte yn 1986 en bestiet út 18 (semi) profesjonele spyllju. Yn de ôfrûne 25 jier hawwe De Glasblazers har eigen, unike sound en muzykstyl ûntwikkele. Dit unike muzikale konsept makket wat los by it publyk en dêr is it De Glasblazers ea om begûn. Mei elkoar meitsje wy it feest.
Dweilorkest De Glasblazers wurdt gauris útnoege foar ûnder oare feesten en partijen, bedriuwsfeesten, sporteveneminten, teatersjo’s en tillevyzje-optredens. Njonken optredens yn Fryslân hat dit Fryske orkest ek in drokke nasjonale- en ynternasjonale aginda.

Yn Fryslân binne De Glasblazers benammen bekend troch it spyljen fan It Frysk folksliet by SC Hearrenfean, optredens by reedrydwedstriden yn Thialf en benammen ek as organisaasje fan it grutste fergees muzykevenemint fan Fryslân “Glasblazers Night of the Koemarkt”. Ek binne der regelmjittich optredens mei Fryske ferneamden.

Nasjonale artysten en buro’s arbeidzje graach op mei it orkest fanwege de unike sound en de smûk noflike sfear. De Vrienden van  Amstel live, TROS muziekfeest, Spylfilm De Kameleon, Guus Meeuwis en Boudewijn de Groot binne foarbylden fan dy gearwurking.

Ek wurde De Glasblazers regelmjittich útnoege by ynternasjonale eveneminten lykas it jubileumfeest fan de Europeeske Uny yn Berlyn, bedriuwsfeesten fan Statoil yn Noorwegen, ynternasjonale reedrydwedstriden en muzykkfestivals yn België, Frankryk en Litouwen.

De Glasblazers fiele harren jimmer thús op it iis mar binne ûnderwilens troch har unike sound útgroeid oant folweardiche all-rounders yn binnen- en bûtenlân. Mei tank oan it publyk.

Wy sjoche út nei in muzikale moeting mei jo!